'Dit spul hat luzen'

16 mrt 2001 - 00:00

De plysje ûndersiket in nuvere 'ûntfieringssaak' op De Westerein. In 27jierrige doarpsbewenner hie tongersdei de plysje belle: in pear manlju soene him bedriigje. De plysje trof dêrop in lege wente mei in stikken rút oan.

De oare deis sei de man dat der neat te rêden wie. Fan in ûntfiering wie alhiel gjin sprake. Mooglik is de plysje by de poat nommen, mar dat wurdt útsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)