Dongferfier yn ûntsmet materieel

16 mrt 2001 - 00:00

Lânbouminister Brinkhorst hat in nije maatregel ôfkundige tsjin it tongbliergefaar. Ferfier fan dong oer de iepenbiere dyk is inkeld noch tastien mei ûntsmet materieel.

Inkelde tsientallen boerebedriuwen yn it Noarden hawwe in ûntheffing krige fan it ferfiersferbod foar fee. By de fjouwer blokkearde bedriuwen yn it Noarden sitte gjin Fryske boerepleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)