Ryksrechercheur Koster wethâlder

© Omrop Fryslân
De Ried fan Kollumerlân hat tongersdei mei grutte mearderheid Reinoud Koster fan de Christenunie keazen ta wethâlder. Der wie krityk op de beneaming fanwege de rol fan Koster yn de affêre-Lancee.
Koster is ryksrechercheur. Hy beskuldige Lancee yn 1996 fan ynsest mei syn dochter Bianca. Dy beskuldiging wie net terjochte. Justysje moast Lancee dêrom letter 1 miljoen as skeafergoeding jaan.