Ferienings net bliid mei bank

15 mrt 2001 - 00:00

Lytse ferienings yn Fryslân fiele har net langer wolkom by de Friesland Bank. Sûnt dit jier wurde sy sjoen as saaklike klanten en moatte se alle kearen betelje as se jild stoarte of oerskriuwe.

De stoartingskosten kinne aardich oprinne. Reden foar guon ponghâlders om nei in oare bank om te sjen. De bank wol de ferienings net fuortjeie, mar seit effisjint wurkje te moatten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)