Soad fraach nei ûntheffing

15 mrt 2001 - 00:00

In soad boeren freegje ûntheffing oan fan it ferfiersferbod. De tillefoanlijnen dy't de NLTO dêrfoar iepensteld hat, wiene tongerdei hast de hiele moarn beset.

Allinnich yn útsûnderlike gefallen wurdt in ûntheffing ôfjûn. It moat dan bygelyks gean om bisten dy't bot lije. De plysje en de AID sil mear minsken ynsette by de kontrôle fan it ferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)