Etnyske groepen ûnder ien dak

© Omrop Fryslân
Foar ûnderdak oan ferskate bûtenlânske groepen stelt de gemeente Ljouwert achten-in-heale ton beskikber. It pân oan de Voorstreek is bedoeld om alle etnyske groepen yn de haadstêd ûnder ien dak te krijen, dy't ferspraat yn de stêd sitte.
De Marokkaanse en Turkse organisaasjes sitte yn it pân oan de Sudergrêftswâl, dêr't de gemeente sa gau mooglik begjinne wol mei de opfang fan ferslaafden.