Stasjonsbuert yn Snits opknappe

14 mrt 2001 - 00:00

It NS-stasjon yn Snits en it gebiet der omhinne moat opknapt wurde. Dat wol it gemeentebestjoer yn 'e mande mei de Nederlânske Spoarwegen. Tegearre presintearren se tiisdei in foarriedich plan.

Bedriuwen, wenningen, kantoaren en parkearplakken moatte der komme. Mooglik komt der ek in grutte boumerk. Der leit noch neat fêst. De riedskommisje sil yn april earst oer de plannen te set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)