Bedriuw ferlit Stroobos
Sinneskermebedriuw De Haan út Stroobos ferhuzet nei Drachten. It bedriuw hat 55 wurknimmers en makket njonken sinneskermen ek kezinen. Yn de takomst sille der mooglik 80 minsken wurk fine yn it bedriuw.
De Haan ynvestearret in seis miljoen gûne yn it bedriuw en hat in plak krigen op it A&-bedriuweterrein. De gemeente Achtkarspelen koe it tij net keare.