Feeferfierders yn need

© Omrop Fryslân
It ferfiersferbod dat ôfkundige is fanwege de tongblierútbraak yn Frankryk, is in ramp foar de transportsektor. Yn Fryslân binne noch 34 feeferfierders. Tsien dêrfan ha noch wol oare aktiviteiten, de oare 24 binne ôfhinklik fan it feeferfier.
It wetter stie se foar dit ferbod al oan de lippen ta, mar dizze lêste ûntwikkeling liket foar guon de genadeklap.