Ynteresse foar Ferwerderadiel

13 mrt 2001 - 00:00

Foar de boargemastersfakatuere yn Ferwerderadiel hawwe har 26 sollisitanten meld. Dêr binne twa froulju by. Nei ferhâlding is it tal kandidaten mei in CDA-eftergrûn it grutst.

De helte fan de kandidaten is op dit stuit wethâlder, trije binne gemeentesekretaris. Fan de 26 gadingmakkers binne 18 âlder as 45 jier. De foarige boargemaster Geersing wie fan it GPV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)