10 Jier sel foar deadlike brân
In 56-jierrige Snitser is tiisdei feroardiele ta 10 jier sel foar it stichtsjen yn 1998 fan in brân dy't oan twa Somalyske asylsikers it libben koste. De eask wie 12 jier sel foar moard.
De rjochtbank yn Ljouwert achte moard net bewiisd omdat de man de brân net oanstutsen hat mei it doel de twa Somaliërs om te bringen. De man wenne yn itselde hûs, mar de trije hiene spul.