Mear lûden om ûndersyk aaisykjen

© Omrop Fryslân
Fûgelbeskerming Nederlân wol dat yn Fryslân in ûndersyk komt nei de effekten fan it aaisykferbod. No't de aaisikers dizze maitiid fanwege de tongblier it lân net yn meie, moat besjoen wurde oft dat posityf útpakt foar de ljip.
Fûgelbeskerming Nederlân hat altyd tsjin de tradysje fan it aaisykjen west. Fûgelûndersiker Willem Bil hat oanbean it ûndersyk út te fieren.