'Plaknammeboerd Aldegea opskowe'

11 mrt 2001 - 00:00

De beboude kûm fan Aldegea moat grutter wurde. Dat is alteast it foarstel fan B en W fan Smellingerlân. De lêste jierren binne oan de Gariperwei fyftich nije wenten boud. Dêrom stiet it plaknammeboerd net mear op it goede stee.

Sadwaande soe de beboude kûm fan it doarp sa'n 100 meter nei foaren opskowe moatte. It útstel moat noch besprutsen wurde yn de riedskommisje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)