Aksje foar Peasens en Moddergat

© Omrop Fryslân
Bekende Friezen komme yn it spier foar it VPRO-radioprogramma 'De gezamenlijke zenders fan Peasens en Moddergat'. Dat moat fan de iere moarns ferdwine nei de nacht, sa wol de Radio 5-koördinator.
De Fryske pommeranten freegje de steatssekretaris fan Kultuer en de minister fan Ferkear yn te gripen. Under har cdK Nijpels, deputearre Heldoorn en de muzikanten Ernst Langhout en Doede Bleeker.