Dochs gjin BSE yn Fryslân

09 mrt 2001 - 00:00

De ko op in pleats yn Makkingea hat gjin BSE. Freedtemoarn bruts der panyk út op de buorkerij doe't it like oft it bist de ferskynsels fan de gekke kowesykte hie.

De ko is ôffierd en ûndersocht yn it laboratoarium. Underwilens wienen lânbouorganisaasje NLTO en gemeente Eaststellingwerf op 'e hichte brocht en wie it bedriuw blokkearre. Om 'e nocht dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)