Sike bern dupe fan stellerij

09 mrt 2001 - 00:00

De bern dy't op 'e polyklinyk fan MCLnoard lizze, krije gau wer in nije spelkompjûter. Tongersdeitenacht is de âlde kompjûter út de wachtkeamer fan it sikehûs stellen. It wie al de twadde kear dat it populêre spultsje stellen waard.

Bergsma fan Harich hearde fan de stellerij en hat tasein de kosten fan in nij eksimplaar (sa'n 600 gûne) te beteljen. It sikehûs hie der gjin jild foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)