Amtner mei homohoulik wegerje
Yn de gemeente Dongeradiel mei in amtner wegerje in homohoulik te sluten. Dat hat it kolleezje tongersdei besletten. Neffens it COC, de belangeferiening foar homoseksuelen, mei in amtner dat net wegerje.
De ried wie bot ferdield oer de kwestje. Boargemaster Cazimier fûn it lêstich mar woe net sa fier gean om amtners it sluten fan in homohoulik te ferplichtsjen.