Sunige wenten yn Dokkum

© Omrop Fryslân
Dokkum krijt in tal eko-wenten dy't foar hiel Nederlân in foarbyld wêze moatte. De wenten komme yn de wyk De Kooilannen. It giet om 30 huzen en 10 apparteminten. Kwaliteit hat wol in priis: de huzen kostje in heal miljoen.
By de eko-wenten wurdt tige sunich mei enerzjy omgien. It projekt hat in lanlike miljeupriis wûn en is troch de oerheid oanwiisd as foarbyldprojekt.