Protters net fuort? Dan de beam

08 mrt 2001 - 00:00

Tytsjerksteradiel hat in rigoereus plan betocht om de oerlêst fan protters yn Eastermar oan te pakken. De fûgels moatte tenei in oar plakje sykje, om't har favorite beammen fuorthelle binne.

De protters, dy't yn de beammen by basisskoalle De Bolster sieten, soargen foar in soad leven en stjonkerij. In poging om se mei neprôffûgels fuort te krijen helle neat út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)