Brada mei gau wer slachtsje

© Omrop Fryslân
It fleisbedriuw Brada yn Ljouwert is fan doel freed of nije wike moandei wer te slachtsjen. Fan woansdei ôf leit it wurk stil om't yn Ingelân twa kear it fleis ôfkard is om't der rêchmoarch yn siet, wat in risiko foar BSE wêze kin.
Mei de Rykstsjinst fan Fee en Fleis is in nij slachtprotokol ôfpraat. Brada wachtet op goedkeuring fan de RVV yn Den Haach om wer slachtsje te kinnen.