Granaat pas nei wike opromme

07 mrt 2001 - 00:00

Yn Twizelerheide is tiisdei in granaat ta ûntploffing brocht yn de tún fan de famylje Van der West. De famylje hie dy dêr in wike ferlyn fûn tusken boustientsjes dy't se út Drinte helle hiene. Se ha doe de plysje belle.

De plysje rette oan de granaat yn in amer sân te dwaan yn ôfwachting fan de eksplosive-opromminstsjinst. Pas nei in wike kaam dy om him ûntploffe te litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)