Fleisbedriuw Brada tydlik ticht

07 mrt 2001 - 00:00

Brada's Vleeschbedrijf yn Ljouwert is tiisdei sletten troch de Rykstsjinst foar fee en fleis. Oant twa kear ta is risikomateriaal fûn yn fleis dat Brada eksportearre hat nei Ingelân. It gie om restanten fan rêchmoarch, dat jildt as risiko foar it fersprieden fan BSE.

De doarren fan it bedriuw bliuwe ticht oant de RVV derfan oertsjûge is dat Brada him oan de regels hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)