Borst wol twa dokters op Flylân

© Omrop Fryslân
Flylân moat twa húsdokters ha, om goeie soarch te jaan. Dat seit minister Borst fan Folkssûnens. Flylân hat ien húsdokter en dy kin de drokte net mear oan.
De Ynspeksje foar de Folkssûnens fynt de sitewaasje ûnakseptabel. Borst wol dat soarchfersekerder De Friesland foar in ekstra dokter soarget. De Friesland lit witte dat der yn oerlis mei de sittende hûsdokter fan Flylân oan wurke wurdt.