Maksimaal 6 jier foar Snitser

© Omrop Fryslân
De man út Snits dy't ferantwurdlik is foar it Koernikova-kompjûterfirus, kin maksimaal 6 jier sel krije. Dat seit justysje yn Ljouwert. De Snitser hat in proses-ferbaal krigen foar it mei opsetsin tabringen fan skea oan telekommunikaasje-apparatuer. Dêr stiet 6 jier op.
Hy hat ek in proses-ferbaal krigen foar it fernielen fan kompjûtergegevens. Dêr kin er maksimaal 2 jier foar krije.