Bolle soarget foar opskuor

05 mrt 2001 - 00:00

In ûntsnapte bolle hat op It Hearrenfean foar opskuor soarge. It bist soe slachte wurde by de islamityske slachterij, mar sprong troch in rút en flechte in steech yn. Om't twa ferdôvingsspuiten neat holpen, is it bist úteinlik deasketten.

De slachterij soe de bolle slachtsje foar it islamitysk offerfeest. Fanwege de tongbliersykte kinne der gjin skiep slachte wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)