Gjin feemerk en gjin hynsteshow

© Omrop Fryslân
It lânbouministearje hat besletten dat de feemerken oare wike wer net trochgean fanwege mooglik tongbliergefaar. De merk fan Ljouwert is no fiif kear ôflast, in ôffaller fan hast in ton.
De Fryske Hynsteshow yn Drachten giet, yn tsjinstelling ta eardere berjochten, ek net troch. De show yn it Frysk Hynstesintrum yn Drachten wurdt no mooglik twa wike letter hâlden.