Provinsjale kultuernota is út

© Omrop Fryslân
De gemeenten yn 'e provinsje moatte mear dwaan om it Frysk te behâlden en te stimulearjen. Dat sei deputearre Mulder freed by it útrikken fan de provinsjale kultuernota.
De nota is it útgongspunt by nij belied. Yn it stik stiet wat de provinsje stipet op kultureel mêd. Mulder wiisde foaral op de gemeentlike taak om foar goed ûnderwiis yn it Frysk te soargjen.