Ljouwert moat netwurkstêd wurde

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat dochs de status fan netwurkstêd krije. Gemeenten en oare organisaasjes yn Fryslân moatte dêr mei elkoar foar soargje. Deputearre Heldoorn die dy oprop op in gearkomste oer de fyfde nota romtlike oardering.
Yn de nota fan minister Pronk binne in tal stêden as nasjonaal knooppunt oanwiisd. Om't Ljouwert der net by is, rint de haadstêd in protte ryksjild mis.