FNP ienriedich fierder

© Omrop Fryslân
In grutte mearderheid fan de FNP-leden hat tongersdei besletten om meidwaan oan de Twadde Keamerferkiezings foar de takomst net út te sluten. Op in bûtengewoane ledegearkomste tongersdei yn Wurdum stimden 67 fan de 79 oanwêzige leden yn mei dat útstel.
Op 9 febrewaris wie in bestjoersútstel noch ôfstimd. Tolve leden ha doe in nije gearkomste byelkoar roppen.