Blokkades troch Noardseefiskers

01 mrt 2001 - 17:40

De blokkade fan in tal gruttere Nederlânske seehavens hat ek syn útwurking op de ôfslach fan Harns. De fiskers wolle in kompensaasje foar it fangstferbod op kabeljau. Se fiere tongersdei aksje.

Troch de fangstbeheining hat de Harnser fiskôfslach minder oanfier en dus ek minder omset. Boppedat leit de oanfier no hast stil omt in protte fiskers oan 'e blokkades meidogge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)