Kuipers net iens mei skorsing

© Omrop Fryslân
Keatser André Kuipers út Bitgummole daget it keatsbûn foar de rjochter. Kuipers waard ein fan ferline seizoen foar trije wedstriden skorst. Mei Pieter van Tuinen en Chris Wassenaar soe er skiedsrjochter Jan Metselaar bedrige ha.
Kuipers, ien fan de topkeatsers op it stuit, is it mei de skorsing net iens. Boppedat doocht neffens him de strafproseduere net.