Underhannelings bousektor dreech

01 mrt 2001 - 10:11

De spanning yn 'e bousektor rint op. Fakbûnen en wurkjouwers prate woansdei foar it lêst oer in nije CAO. It is de fraach oft dat wat opsmyt, want it wurd 'stakings' is al fallen.

De CAO-ûnderhannelings ferrinne dreech. Seis ûnderhannelingsrondes hawwe gjin feroaring brocht. Wurknimmers easkje rommere wurktiden en de mooglikheid om sels ATV-dagen yn te plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)