Seelân freget erkenning dialekt

01 mrt 2001 - 00:00

Seelân wol dat it Sieusk as regionale taal erkend wurdt yn it Hânfêst foar Minderheidstalen. De provinsje tsjinnet meikoarten in oanfraach yn by steatssiktaris de Vries fan Ynlânske Saken.

De Nederlânske Taalunie is op it plan tsjin, mar Seelân hat der wol betrouwen yn. It Limburchsk en it Nedersaksysk binne ek erkend. It Frysk is al folle langer erkend as twadde Rykstaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)