VVD-er wol aaisykjen ferbiede

© Omrop Fryslân
Ljipaaisykjen moat ferbean wurde om fersprieding fan de besmetlike feesykte tongblier foar te kommen. VVD-riedslid Miedema fan Lemsterlân wol alle risiko's op besmetting útslute, al is de sykte noch net yn Nederlân konstatearre. Hy warskôget foar in grut drama.
Foar it Bûn fan Fryske Fûgelwachten komt de maatregel te ier. It aaisikersseizoen moat noch begjinne.