Pier Sienema fermoarde yn Estlân

© Omrop Fryslân
Sakeman Pier Sienema is fermoarde. Syn lichem waard freed fûn op likernôch 50 kilometer fan Tallinn, de haadstêd fan Estlân. Neffens ynspekteur Andres Anvelt is Sienema yn syn appartemint deasketten troch syn saakwaarnimmer Vintesevith en twa fan syn freonen. De trije manlju sitte al inkele wiken fêst.
Sienema, eigner fan Kooistra klean en BC Fashion, is yn desimber foar it lêst sjoen.