Regionaal fûns keunst nedich

© Omrop Fryslân
De kwaliteit fan keunst yn ús provinsje sil better wurde as it Ryk in regionaal fûns ynstelt. Dat sizze de trije noardlike keunstynstellings fan Fryslân, Grins en Drinte.
De subsydzjes fan it Ryk moatte yn de takomst boppedat ferdield wurde yn fiif kategoryen. Dêrby soe ûnderskied makke wurde tusken lanlike, regionale, provinsjale en gemeentlike fûnsen.