Nije útstalling yn Ljouwert

26 feb 2001 - 09:27

'The Golden Boys Party' is de titel fan de nije útstalling yn De Prins van Leeuwarden (Princessehof) yn Ljouwert. Te sjen is wurk fan Bart Drost. Hy makket dúdlik en blier wurk. It primêre geloksgefoel stiet sintraal yn syn wurk.

Drost makke in byldegroep mei in jonkje as útgongspunt. Hy lit in dreamde bernewrâld sjen. Der binne mei goud bedutsen skulptueren fan in hûn, foks en in wolf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)