Cambuur-Telstar hielendal oer
Cambuur moat de wedstriid tsjin Telstar yn syn gehiel oerspylje. De KNVB sil nei alle gedachten moandei in nije datum fêststelle. Sneon waard de wedstriid yn Ljouwert nei 51 minuten stillein fanwege slimme sniefal. Cambuur stie doe mei 2-0 foar.
Yn de regleminten stiet dat in wedstriid hielendal oerspile wurde moat, as dy fanwege it waar staakt is.