Jopie Huismanmuseum wer iepen
It Jopie Huismanmuseum yn Warkum is sneon op 'e nij iepene. It guod fan de yn septimber ferstoarne skilder is fan syn hûs yn Hjerbeam nei it museum oerbrocht.
In groepke soldaten klaaid as op it skilderij Bruinsma's Bosk iepenen it gebou troch in grutte ûnderbroek stikken te meitsjen. Yn 'e strjitte hong in line mei fodden as earbetoan oan Huisman.