Cambuur staakt troch snie

25 feb 2001 - 00:00

De wedstriid Cambuur tsjin Telstar is sneon flak nei rêst staakt. It fjild wie net bespylber fanwegen slimme sniebuien. De skiedsrjochter rôp de spilers earst foar in koart skoft nei binnen mar moast it spul letter definityf stillizze.

De Ljouwerters stienen mei 2-0 foar troch treffers fan Durmusoglu en Van der Heide. It is noch net bekend oft de wedstriid hielendal op 'e nij spile wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)