Fryske boeken populêr

© Omrop Fryslân
Minsken lêze hieltyd mear Fryske boeken. Dat docht bliken út de ferkeapsifers. De Fryske Boekewike, dy't woansdei begûn, is al in sukses. Topper is 'Guozzeroer' fan de krekt ferstoarne Rink v/d Velde.
By oankeap fan tweintich gûne is it boekewikegeskink fergees. Foar de boekhannels is der in priis foar de moaiste Fryske etalaazje. De boekewike duorret noch oant en mei 3 maart.