Wol skea troch ATF-brân

© Omrop Fryslân
De ATF-brân hat wol skealik west foar omwenjenden en miljeu. Dat docht bliken út in noch fertroulik boaiemûndersyk, dat yn opdracht fan de provinsje útfierd is. Der binne grutte konsintraasjes swiere metalen yn de grûn fûn.
De gemeente Smellingerlân hat altyd sein dat de folkssûnens en it miljeu by de brân by de ôffalferwurker yn maaie ferline jier net yn gefaar west hawwe.