Burgum wol rap ferkearsljochten

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel is min te sprekken oer de provinsje. De provinsje hat de gemeente nije ferkearsljochten by de Elingsloane yn Burgum tasein, mar wol se pas ein takom jier oanbringe.
De ferkearsljochten binne neffens Tytsjerksteradiel no al nedich omdat der in soad bouferkear ferwachte wurdt by it nije bedriuweterrein oan 'e Elingsloane.