Sigeuners besykje Ljouwert

© Omrop Fryslân
By de atletykbaan fan Nijlân yn Ljouwert binne fjouwer sigeunergesinnen delstrutsen. De karavans steane dêr sûnt tongersdei. Yn Ljouwert meie karavans maksimaal trije dagen oan de iepenbiere dyk stean.
De sigeuners soene op trochreis wêze. Fanwege autopech soene se no net fierder kinne. As de karavans te lang stean bliuwe, past Ljouwert bestjoerstwang ta.