Freed gjin Ljouwerter feemerk

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter feemerk giet freed net troch. It ministearje fan Lânbou hat in ferbod oplein, omdat ek yn ús lân skiep en bargen út Ingelân wei ymportearre binne. Yn it Ingelske Essex is de besmetlike sykte tongblier oantroffen.
Acht bedriuwen wurde op dit stuit ûndersocht troch de RVV, de rykstsjinst foar fee en fleis. Se wolle net sizze om hokker bedriuwen it giet.