List fan ûnfeilige bedriuwen

© Omrop Fryslân
Leefbaar Heerenveen (LH) wol dat de gemeente in list makket fan ûnfeilige bedriuwen. De oanfraach leit der al sûnt de fjoerwurkramp yn Enschede. Dêr is lykwols neat fan op 'e hispel kaam.
Moandeitejûn is by it Feanster bedriuw Johnson Polymer in nuodlike situaasje krekt op 'e tiid tefoaren kommen. LH wol witte wêrom't B en W de ried net ynljochte hat oer dy 'hast-ramp'.