Fiskers wolle oanpak streupers

© Omrop Fryslân
De Fryske beropsfiskers en sportfiskers, eartiids net inoars grutste freonen, ha woansdei in oerienkomst ûndertekene. Se sille mei-inoar soargje foar fiskbehear yn de provinsje en streupers oanpakke.
Neffens de fiskers jouwe provinsje en plysje te min omtinken oan fiskstreupers. Se wolle dat de plysje dêr mear middels foar krijt. Streuperij is yn Fryslân in grut probleem.