Op 'e nij oerlis Langmanjild

© Omrop Fryslân
SNN, it gearwurkingsferbân fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte, wol de besteging fan de Langmanjilden foar de lânbou op 'e nij oan de oarder stelle yn it oerlis mei it kabinet.
Oant no ta hie al 15 miljoen gûne ynvestearre wurde moatten, mar it ministearje fan Lânbou is ôfspraken dêroer net neikommen. Ek de LTO sil it Langmanjild wer yn Den Haach beprate.