Kanaalsbrêge tydlik iepen

21 feb 2001 - 15:46

De earste Kanaalsbrêge yn Ljouwert wurdt binnen inkele dagen iepensteld foar autoferkear út súdlike rjochting. It giet foarearst om in tydlike maatregel. De gemeente wol sa it ferkear omliede as de stopljochten by de Sofialeane ferfongen wurde troch in rotonde.

Wethâlder Den Oudsten slút net út dat de brêge ek dêrnei iepen bliuwt. Der binne in soad klachten oer it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)