Moasje lytsere azc's oannaam

© Omrop Fryslân
It kabinet moat sa gau mooglik aksje ûndernimme om lytsere azc's mooglik te meitsjen. In mearderheid fan de Twadde Keamer hat tiisdei in moasje fan dy strekking fan Bert Middel oannommen.
Earder hawwe Keamer en kabinet al ôfpraat dat in azc tenei net mear as 400 asylsikers op hoecht te fangen. De nije ûndergrins leit by 200 bewenners. It kabinet die lykwols neat mei dy ôfspraak.